Koartere fargeul nei Skylge

23 feb 2011 - 08:47

Der moat in ûndersyk komme nei in koartere farrûte nei Skylge ta. De ried fan it Waadeilân hat tiisdeitejûn in moasje mei dy strekking oannommen. Der soe in farrûte fia it Schuitengat iepene wurde moatte. Dy is in stik koarter as de rûte fan no, dy't fia de Slenk rint.

Dy geul wurdt hieltyd bochtiger, en mei it tanimmende skipfeartferkear wurdt dit farwetter ûnfeiliger. Steatssekretaris Atsma seit ta dat der in ûndersyk komme moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)