Koartebaanriden giet net troch

17 des 2009 - 10:07

De koartebaanriderij yn Nijlemmer giet tongersdei net troch. Dat hat it bestjoer fan de iisklup besletten. Der leit 12 sintimeter snie op 'e baan en it iis is woansdeitenacht net oanset. Ride is dêrom net mooglik. Boppedat fynt de organisaasje it fanwege de snie net ferantwurde om riders út it hiele lân nei Fryslân komme te litten.

Oer in eventuele nije datum is noch neat bekend. Ek de wedstryd yn Ulesprong dy't foar freed op it programma stie giet net troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)