Koarte ûntfiering famke

22 mrt 2004 - 00:00

In man (31) út Schoonebeek en in frou (51) binne moandei oanholden foar it ûntfieren fan in famke út Drachten. De twa hellen it 7-jierrige famke út de klasse, by De Kameleon yn Drachten.

De twa rieden mei it famke fuort yn in bestelbus, in helper besocht de plysje tsjin te hâlden. De plysje koe har nei in efterfolging fan in oere by Zweeloo oanhâlde. De ûntfierders fersetten har by de oanhâlding. It gie om de heit en de beppe fan it famke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)