Koarte stroomsteuring

18 des 2010 - 18:22

In tal doarpen westlik fan Ljouwert is sneon oan it begjin fan 'e jûn troffen troch in stroomsteuring. It gie om ûnder oare Deinum, Marsum, Dronryp, Wjelsryp, Winsum en Menaam. De earste meldings kamen flak nei seis oere binnen. Om sawat healwei sânen hiene Deinum en Menaam wer elektrisiteit.

Netwurkbehearder Liander hat de steuring sa gau mooglik ferholpen. De stroomsteuring soarge foar wat oerlêst by in tal krystfieringen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)