Koarte learare-oplieding sukses

13 sep 2000 - 09:53

De ferkoarte learare-opliedingen foar de eksakte fakken binne suksesfol. De Noardlike Hegeskoalle Ljouwert skreau mear as fjirtich studinten yn foar wisen natuerkunde, skiekunde en biology.

Der binne mear oanmeldingen foar de ferkoarte oplieding as foar de folsleine fariant. De measte studinten ha al in oplieding achter de rêch of komme út it bedriuwslibben. Se binne faak wat âlder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)