Koarte fûle brân yn Harns

26 okt 2010 - 10:19

By it ôffalferwurkingsbedriuw Visser yn Harns hat tiisdeitemoarn in koarte mar fûle brân west. De brânwacht ried manmachtich út om't der hast gjin wetter yn de buert wie. Dochs wie it fjoer gau ûnder kontrôle.

In grutte bult plastic ôffal is ferbaarnd. De skea oan it gebou falt ta. Meiwurkers ha it ôffal mei shovels út elkoar helle. By de brân foar sa'n 50 tûzen euro oan skea oanrjochte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)