Koarte brân yn wenning Wolvegea

23 sep 2015 - 19:35
  • De Vries Media

Yn Wolvegea hat woansdeitejûn koart brân west yn in wenning oan de Troelstrastraat. Der wie in soad reek. De brânwacht is mei twa weinen hinne gien om te blussen. Earst wie net dúdlik oft der minsken yn it hûs wienen. De brânwacht hat de trije hûnen út de wenning helle en de bewenners stiene feilich bûten. It fjoer wie ûntstien troch in panne op it fjoer. Nei in healoere wie de brân út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)