Koarte brân yn keuken Hajé op It Hearrenfean

26 aug 2015 - 18:51

By it restaurant/hotel Hajé op It Hearrenfean hat woansdei oan it begjin fan de jûn brân west yn de keuken. Oarsaak wie in frituerpanne dy't yn brân fleach. Personiel rekke yn panyk en besocht om mei in blustekken it fjoer út te meitsjen.

De alarmearre brânwacht wie gau te plak en hat de brân blust. Ien meiwurker dy't reek ynazeme hie, is út foarsoarch foar ûndersyk nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)