Koarte brân by Poiesz Menaam

15 des 2008 - 09:27
  • De skea falt ta (foto Aise van Beets)

Yn de Poieszsupermerk fan Menaam hat moandeitemoarn koart brân west. De brân wie boppe de kuolling fan de griente-ôfdieling. Hy is troch it personiel útmakke. Der ûntstie dochs in soad reek en dêrom binne se nei bûten gien en hawwe se de brânwacht belle.

De brânwacht hat alles yn de winkel kontrolearre. De reek waard út de winkel blaasd en alles is goed neisjoen. De winkel gie yn ´e rin fan moandeitemoarn wer iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)