Koarte brân by Huhtamaki

21 jul 2010 - 16:17

Der hat woansdeitemiddei koarte tiid brân west by it papierfabryk fan Huhtamaki yn Frjentsjer. In ôffier fan ien fan de ovens wie te waarm wurden en fleach yn 'e brân. De meiwurkers hiene it slimste al blust doe't de brânwacht oankaam. Dy hat it fjoer hielendal útmakke.

By de brân is neffens de earste berjochten net in soad skea ûntstien, ek kaam der amper reek frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)