Koart sportnijs

15 jun 2003 - 00:00

De handikapte judoka Cees Roest fan Siegerswâld hat de swarte bân helle. Roest hat troch in auto-ûngelok in dwarslaesie. Hy is de earste Nederlânske judoka mei in dwarslaesie dy't deryn slagge is de swarte bân te heljen.

Rients van der Wal fan Warkum hat sneon it fierljeppen op It Heidenskip wûn. Mei 17.55 meter wie er trije sintimeter fierder as Bart Helmholt. Van der Wal hie noch nea sa fier sprong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)