Koart plysjenijs

22 jun 2001 - 00:00

By in ûngemak op de A32 by Aldeholtwâlde is tongersdei in draaioargel folslein fernield. It stie op in oanhinger dy't begûn te slingerjen. Doe klapte it op it dak fan de auto dy't de bak lûkte. De skea berint hûnderttûzenen gûnes.

By in ynbraak yn in bensinestasjon oan de Eems yn Drachten binne tongersdeitemoarn betiid shag en sigaretten stellen. Mei in tegel waard in rút ynsmiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)