Koart plysjenijs

03 jun 2001 - 00:00

In automobilist hat yn Dokkum sneon in tal auto's beskeadige doe't er in oare auto ynhelle op De Dyk. De ûnbekende sjauffeur is trochriden.

In 25-jierrige Drachtster is yn de nacht fan sneon op snein oanhâlden yn syn wenplak. Hy hie plysjes misledige doe't dy him oansprutsen om't er tsjin de doar fan in hoarekapân trape. De man hat op it plysjeburo in prosesferbaal krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)