Koart plysjenijs

14 feb 2009 - 14:45
  • Koart nijs fan de plysje Fryslân

Ut in hûs oan it Zenegroen yn Ljouwert binne yn de nacht nei sneon ferskate saken stellen. It giet ûnder oare om in laptop, twa fotokamera's en jild. De dieder koe it hûs ynkomme troch in doar iepen te brekken. De plysje is noch op syk nei dy dieder.

De plysje hat freedtemiddei by Sweins it rydbewiis fan in Frjentsjerter (38) ynnaam. De man ried mei 138 kilometer yn 'e oere oer de Ryksstrjitwei. Dêr mei mar 80 riden wurde. De man hat ek in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)