Koart plysjenijs

16 aug 2008 - 13:39
  • Ynbraak yn Haulerwyk

In 23-jierrige man út Ljouwert is sneontemoarn yn syn wenplak oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan de mishanneling fan in 22-jierrige Snitser. Hy soe dizze persoan op de Nijstêd in pear klear skopt en slein hawwe. Der is proses-ferbaal tsjin de man opmakke.

De plysje docht ûndersyk nei in ynbraak yn in kantine fan in sportkompleks yn Haulerwyk. Mei grof geweld is dêr it gaas fan de beheining stikken makke. Ut de kantine is in jildkistje stellen mei dêryn wat jild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)