Koart plysjenijs

12 okt 2003 - 00:00

De plysje moast sneontejûn te pas komme oan in buorrerúzje op de Tsjerkebuorren yn Makkum. In 43-jierrige man hie mei in izeren buis syn 62-jierrige buorman slein. De man moast him behannelje litte yn it sikehûs yn Snits.

In 6-jierrich jonkje fan It Hearrenfean is sneontejûn yn syn wenplak ferwûne rekke by in ûngemak. Hy fytste oer de Gaasterlânleane, doe't er oanriden waard troch in automobilist (57). It jonkje rekke ferwûne oan 'e holle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)