Koart plysjenijs

30 mrt 2003 - 00:00

In motorrider (29) fan De Jouwer is sneontejûn op de Rykswei A7 by De Jouwer om it libben kaam. De man ferlear by in ôfslach de kontrôle oer de motor. Hy kaam tsjin de fangrail telâne en ferstoar op it plak sels.

In 56-jierrige kondukteur is sneintemoarn mishannele yn in trein op it NS-stasjon yn Ljouwert. De fer- tochte, in 28-jierrige Ljouwerter, hie by kontrôle gjin kaartsje. Hy woe dy ek net keapje en sloech de kondukteur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)