Koart plysjenijs

25 feb 2002 - 00:00

De plysje hat fjouwer fertochten oanhâlden foar fjouwer wapene oerfallen op in bakkerij op 'e Jouwer, en snackbars op it Hearrenfean en yn Snits. Der waard 5000 gûne bútmakke. De fertochten, fan 20-22 jier, komme út De Gastmer en Boalsert. Se brûkten messen en nepwapens.

Op it strân fan Skylge is in pak hasj fan 1300 gram fûn. It pak is goed 5000 euro wurdich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)