Koart pleit tsjin swimbad

01 maaie 2012 - 13:40

De gemeente Menameradiel wol in koart pleit oanspanne tsjin Schatzenburg BV as it swimbad nije wike net iepen is. Offisjeel moat it bad op 1 maaie iepen. Dat is de ôfspraak dy't makke is troch de gemeente en Schatzenburg BV. Mar der sit noch gjin wetter yn. Neffens de swimbadeksploitant Van Booma is dat ûnferantwurde. It kin noch wol wiken duorje foardat swommen wurde kin.

Troch wurk op it parkearterrein, ôfrûne winter, binne neffens Van Booma kabels stikken rekke. Der is no skea yn de masinekeamer.

Van Booma doar de wetterpompen net oan te setten. Dat soe te gefaarlik wêze. Neffens wethâlder Lute Pen is dat ûnsin. Der is in wetterlieding rekke dy't bûten gebrûk wie. Dy skea is wer makke en dus moat it bad sa gau as mooglik iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)