Koart pleit tsjin sâltwinning

12 okt 2005 - 16:06

Sâltfabryk Frisia frustrearret de rjochtsgong troch gewoan troch te gean mei de sâltwinning en it trochgean is net rjochtmjittich. Dat stelde de aksjegroep Laat het Zout maar zitten woansdei yn in koart pleit foar de rjochtbank yn Ljouwert.

Neffens Frisia gebeurt alles neffnes de wet. Skea troch boaiemdelgong is net oantoand. Boppedat soe it stillizzen fan de fabryk tsientallen miljoenen skea betsjutte. Utspraak oer 14 dagen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)