Koart pleit tsjin Omrin

15 jan 2010 - 10:34

De stifting Afvaloven Nee is in koart pleit begûn tsjin ôffalferwurker Omrin oer de ôffaloven yn Harns. Doel is om de bou fan de oven sa gau as mooglik stil te lizzen. De miljeufergunning foar dizze 'Reststoffen Energie Sintrale' is earder dizze wike ferneatige troch de Raad van State.

De provinsje wol dêrom dat Omrin de bou stilleit, mar de ôffalferwurker set foarearst gewoan troch. Dêr besiket Afvaloven Nee no wat tsjin te dwaan troch in koart pleit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)