Koart pleit tsjin kreakers Huzum

07 sep 2004 - 10:52

Konfijterij Steensma hat in koart pleit oanspand tsjin de groep kreakers, dy't sûnt begjin augustus yn it eardere bedriuwsgebou fan Steensma oan de Huzumerleane sitte. De kreakers wenje dêr út protest tsjin de sloopplannen.

De gemeente wol op it terrein djoere apparteminten en keapwenten bouwe. De kreakers binne dêr op tsjin. Sy fine dat der yn Ljouwert te min boud wurdt foar studinten en oare minsken mei in leech ynkommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)