Koart pleit tsjin Hearrenfean

17 sep 2009 - 08:05
  • De gemeente wol dat de supporters mei de bus komme

De rjochtbank yn Ljouwert behannelet tongersdei it koart pleit dat de trettjin supportersferienings fan FC Twente oanspand hawwe tsjin de gemeente Hearrenfean. Dat melde de supportersferienings op har aksjewebside 'Twente Anti Combi'.

Hearrenfean hat bepaald dat Twente-supporters dy't snein nei de wedstryd tsjin SC Hearrenfean wolle, ferplichte mei de bus moatte. De supportersferienings sjogge gjin reden foar dy maatregel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)