Koart pleit tsjin Greanpeace

14 sep 2012 - 17:32

Shell hat in koart pleit oanspand tsjin Greenpeace. It bedriuw wol fia de rjochter berikke dat Greenpeace tenei gjin aksjes mear fiere mei yn de buert fan tankstasjons. De miljeu-organisaasje hat freed by sa'n 70 tankstasjons fan Shell de pompen ôfsletten. Ek yn Fryslân fierde Greenpeace aksje by tankstasjons yn ûnder oaren Ljouwert, Harns, Terwispel, Jobbegea en Drachten. Greenpeace wol sa aksjefiere tsjin de oaljeboarrings fan Shell yn it noardpoalgebiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)