Koart pleit tsjin COA

06 jan 2001 - 15:08

De lanlike feriening fan útbaters fan oanfoljende opfangsintra foar asylsikers hat in koart pleit oanspand tsjin it COA. De feriening is it net iens mei de legere fergoeding foar de eksploitanten.

Neffens de feriening kin troch de ferleging fan twa kwartsjes per dei it tal opfangplakken minder wurde. It wurdt finansjeel minder oantreklik makke. Yn Fryslân binne tsien oanfoljende sintra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)