Koart pleit Thialf live op tv

06 mrt 2014 - 10:13
  • Koart pleit Thialf op www.omroplive.nl

Omrop Fryslân stjoert it koart pleit fan trije Fryske bouwers oer de nijbou fan iisstadion Thialf rjochtstreeks út. De bylden binne op dit stuit te sjen op www.omroplive.nl.

Yn it koart pleit meitsje de bouwers Dijkstra Draisma-Jorritsma, Friso en Van Wijnen en VolkerWessels beswier tsjin de foarnommen gunning fan de Thialfnijbou oan Ballast Nedam. De partijen binne it net iens mei de beoardieling en motivearring dy't de beoardielingskommisje fan Thialf jûn hat.

http://www.omroplive.nl/koart-pleit-thialf

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)