Koart pleit op Skatzenburch

07 aug 2004 - 11:48

Oft de fuotbalklubs Dronryp en Foarút en de tennisferiening fan Skatzenburch ferdwine moatte, wurdt nije wike dúdlik. Op it rekreaasjepark yn Menaam tsjinne freed in koart pleit. Eigner Van Booma wol it kontrakt mei de sportferienings opsizze. Se soenen net betelje en neat oan ûnderhâld dwaan.

De rjochter seach sels op Skatzenburch. Nei in pear oeren hie er genôch ynformaasje. Woansdei docht er útspraak yn de kwestje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)