Koart pleit oer staking Dunlop

13 des 2012 - 17:11
  • Dunlop yn Drachten

De direksje fan bannefabryk Dunlop yn Drachten besiket mei in koart pleit in nije staking by it bedriuw foar te kommen. Tongersdeitejûn om tsien oere rint in ultimatum ôf dat de fakbûnen Dunlop steld hawwe. Dy fakbûnen wolle dat it fabryk ôfspraken oer wurkomstannichheden en oer it salaris better neikomt. Mocht der foar tsien oere gjin goeie reaksje fan de direksje komme, dan wolle de fakbûnen it fabryk opnij plat goaie. Ofrûne tiisdei wie dat ek al koarte tiid it gefal. Dunlop hopet in nije staking mei it koart pleit foar te kommen.

Dat tsjinnet oan it begjin fan de jûn by de rjochtbank yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)