Koart pleit oer herten Skylge

16 des 2008 - 11:45

De edelhert-ymporteurs fan Skylge spanne in rjochtsaak oan tsjin it ministearje fan LNV. Neffens de oarspronklike eigners moatte de herten net fan it eilân ôf.

De ymporteurs binne benaud dat se opdraaie moatte foar de kosten en se meitsje harren soargen oer it fangen fan de bisten. Fierder soene neffens de eigners de measte eilanners wolle dat de bisten op it eilân bliuwe. Woansdei om 12 oere tsjinnet it koart pleit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)