Koart pleit oer City Box

09 okt 2012 - 14:10

Fransjizenimmer Bas Poel fan City Box yn Drachten spant in koart pleit oan tjin City Box Nederlân. Poel brûkt mei syn bedriuw Drachten Storage Holding de formule fan City Box.

City Box wol fan 15 oktober ôf fan it kontrakt mei Poel dat oant en mei 2015 rint. Neffens Poel kin dat kontrakt mei syn 3000 fjouwerkante meter grutte bedriuw mei sawat 150 klanten net sa mar iensidich opsein wurde. De claim fan City Box dat de festiging yn Drachten net oan de easken foldocht, doocht neffens Poel net.

Poel seit dat City Box ûnterjochte klanten fan him oanskreaun hat om harren guod nei oare festigings te ferhúzjen. City Box soe fan langjierrige ferplichtings ôf wolle om City Box Nederlân ferkeapje te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)