Koart pleit oanspand tsjin keatsbûn KNKB

14 jul 2015 - 23:19

It partoer Willem Heeringa, Wierd Baarda en Douwe Anema hat in koart pleit oanspand tsjin keatsbûn KNKB. It skeel rjochtet him op de 1e klasse frije formaasjepartij fan 14 juny lêstlyn yn Minnertsgea. Op dy wedstriid is der troch de tsjinstanner fan it partoer Heeringa - Chris en Jacob Wassenaar en Arie den Breejen - mei net reglemintêre keatswanten keatst. De skiedsrjochter wurdt ferwiten dat hy de keuring fan de want ûnmooglik makke hat en tastimming joech. Troch it misrinnen fan rankingspunten soe it partoer Heeringa de PC misrinne kinne.

It partoer Heeringa fynt dat se rjocht hawwe op 16 ekstra rankingspunten per keatser. Keatsbûn KNKB wol de útslach fan de wedstriid net wizigje. De skiedsrjochter hat de lieding fan in troch it KNKB organisearre wedstriid. It haadbestjoer wol him dêrom net minge yn de beslissingen fan de skiedsrjochter. It koart pleit is op moandei 20 july om twa oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)