Koart pleit KNKB - Cornelis Terpstra oer keatswant

11 maaie 2015 - 12:55
  • Cornelis Terpstra makket sels ek keatswanten

It keatsbûn KNKB en keatser Cornelis Terpstra stean moandei tsjinoer elkoar yn in koart pleit. De ynset is dat Terpstra ek wanten meitsje wol en brûke litte. Terpstra syn argumint is dat der gjin merkwurking is troch de beheining fan de KNKB op it ôfjaan fan lisinsjes. Der binne no trije wantemakkers dy't leverje meie oan keatsers fan it bûn.

De KNKB fynt in koart pleit net geskikt foar dizze saak. Se sizze dat de saak al lang sleept en it hjir te kompleks foar is. Der wurdt moandei gjin útslach ferwachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)