Koart pleit handikapteferfier

29 jun 2004 - 18:11

Handikapte-organisaasjes spanden tiisdei in koart pleit oan tsjin it regear. It giet om 150 ferienings en santich partikulieren. Ien fan harren is Helga van der Wal út Snits.

De saak giet om besunigings op it ferfier. Foar 1 april mochten handikapten sa folle as se woene mei de taksy reizgje foar 16 sint de kilometer. Dat is no nei 700 kilometer dien en dêrnei kostet it 1 euro 25 de kilometer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)