Koart pleit Feanhoopfestival

24 jun 2008 - 15:52

Binnen in wike bepaalt de rjochter oft dit jier in Feanhoopfestival hâlden wurde mei. It giet om in útspraak yn in koart pleit dat kampingeigner Theo de Groot tsjin it festival oanspand hat. De_Groot seit lêst te hawwen fan it festival.

Ferline jier kaam De_Groot mei de organisaasje oerien dat der net wer in festival by syn kamping hâlden wurdt. Der is no lykwols dochs fergunning foar ôfjûn. Dit kear net oan ´e organisaasje, mar oan ´e cateraar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)