Koart pleit fan reedrydbûn

23 sep 2006 - 17:43

It reedrydbûn spant in koart pleit oan tsjin syn eigen geskillekommisje. De geskillekommisje fan de KNSB hie freed de nije opset fan it maratonreedriden ôfkard. Dat betsjut dat it út ein setten fan in nije kompetysje op 7 oktober ûnwis is.

De nije kompetysje soe alle wiken troch de kommersjele omrop SBS 6 streekrjocht útstjoerd wurde. Dat plan stiet no faai. Trije ploegen binne tsjin it nije systeem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)