Koart pleit fan de baan

13 apr 2007 - 11:53

It koart pleit dat trije soarchoanbieders oanspand hiene tsjin 5 gemeenten yn Noardeast-Fryslân is fan de baan. De soarchoanbieders wiene it net iens mei de oanbesteging fan de húshâldlike help yn dy gemeenten.

Neffens harren soene der fouten makke wêze wêrtroch't sy bûten de boat foelen. Mei it koart pleit woene se foar elkoar krije dat de hiele proseduere oerdien wurde moast. Ien fan harren wie it kristlike Interzorg.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)