Koart pleit fan apotekers

01 jul 2003 - 00:00

Fryske apotekers stienen tiisdei yn de Ljouwerter rjochtbank. Se hienen in koart pleit oanspand tsjin De Friesland. De soarchfersekerer wol dat medisinen goedkeaper wurde. Ek wol de soarchfersekerer oanjaan kinne wêr't de medisinen wei komme om priisôfspraken mei fabrikanten foar te kommen. De apotekers wolle dat net.

De rjochter hat beide partijen heard en komt woansdei mei in útspraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)