Koart: oalje-ûngelok en steuring

15 okt 2004 - 10:48

Op trije plakken yn Ljouwert binne troch oalje op 'e dyk ûngelokken mei auto's gebeurd. Ien bestjoerder rûn dêrby lichte ferwûnings op. De oalje wurdt fuorthelle mei in spesjaal oplosmiddel, as dat net helpt wurdt sân struid.

In part fan Fryslân hat woansdeitejûn in skoftsje sûnder strjitteferljochting sitten. Dêrtroch wiene de strjitten yn it easten fan Fryslân twa oeren lang net ferljochte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)