Koart nijs

10 des 2003 - 00:00

De sânwinning by Aldehaske is fuortdaliks stopset. De Steatsrie moat noch beslute oer in miljeufergunning. Firma De Vries fan De Jouwer wie neffens de Unôfhinklike Fryske Steatefraksje yllegaal oan it wurk. Nei in brief fan de partij oan Deputearre Steaten is de winning no dus stillein.

It ferkear hat woansdei lêst hân fan in ûngelok op de rotonde by De Jouwer. In frachtwein wie in izeren plaat ferlern. De dyk is yntusken wer frijjûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)