Koart nijs

26 sep 2003 - 00:00

It Van Hall-ynstitút yn Ljouwert jout in tal kij oan in weeshûs yn Rwanda. It personiel dêr brûkt de kij foar it ûnderwiis oan de bern. Mei de stront fan de bisten kin de grûn fruchtberder makke wurde.

De plannen fan de gemeente Ljouwert foar in parkeargaraazje ûnder it Aldehoustertsjerkhôf binne in kopy fan eardere plannen út 2000. Dat seit in arsjitekteburo út Leiden,dat de plannen doe makke, yn in brief oan de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)