Koart nijs

26 sep 2003 - 00:00

Sportclub Heerenveen spilet ein oktober yn de tredde ronde fan it toernooi om de Amstelcup tsjin Stormvogels Telstar. Cambuur Ljouwert nimt it op tsjin FC Twente, sa waard tongersdei lotte. Beide Fryske clubs spylje thús. De wedstriden binne op 27 of 28 oktober.

It keats- en kuorbalfjild fan Hantum moat opknapt wurde. De drainaazjebuizen binne fersakke en dêrtroch stiet it fjild al by in lyts buike ûnder wetter. Dongeradiel stelt 42.000 euro beskikber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)