Koart nijs

10 aug 2003 - 00:00

Snein betiid hat de plysje twa boatedieven oanholden. De manlju hiene yn de Prinsetún yn Ljouwert in rubberboat loshelle en wiene fuortfearn. Stedswachters hiene de dieven betrape en de plysje tipt.

In man fan 34 fan de Houtigehage is sneon ferwûne rekke. Hy siet op in bân dy't lutsen waard troch in jetski. Yn in bocht skeat de man in reidkraach yn en kaam mei de holle op grutte stiennen telâne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)