Koart nijs

09 aug 2003 - 00:00

It Wetterskip Fryslân sjocht foarearst gjin needsaak om it bereinen fan lânbougrûn te ferbieden. Der wurdt oer it generaal net in soad bereind en it peil fan de Fryske boezem is op nivo. Yn grutte dielen fan it lân jildt wol in bereiningsferbod.

De ûntfangst fan Omrop Fryslân Radio kin mei it waarme waar steurd wurde troch bûtenlânske stjoerders. Troch de hege druk wurdt de eter fol en kin it wêze dat der wat rûs op it sinjaal is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)