Koart lizze yn sikehûs Snits

18 okt 2011 - 06:23

De pasjinten fan it Antonius sikehûs yn Snits lizze yn Fryslân it koartst yn it sikehûs. Gemiddeld sa'n 2,9 dagen. Dat docht bliken út de Ligduurmonitor Nederlandse Ziekenhuizen fan it ûndersyksburo Coppa Consultancy. It Antonius stiet dêrmei lanlik sjoen op in 26ste plak.

Yn Fryslân lizze pasjinten it langst yn it MCL yn Ljouwert, gemiddeld sa'n 3,5 dei. Dat komt ek om't yn it MCL it tal yngewikkelde operaasjes grutter is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)