Koart kuorbalnijs

15 feb 2004 - 00:00

Kuorbalploech Blau-Wyt fan It Hearrenfean hat sneintemiddei de lêste striehalm pakt om yn de haadklasse te bliuwen. De ploech wûn mei 11-8 fan HKV/Ons Eibernest. Der ûntstie noch in reltsje, doe't Scheenstra fan Blau-Wyt in reade kaart krige.

It waard sneontejûn in gouden jûn foar de Lege Geaën. De kuorbalploech út Sibrandabuorren wûn sels yn de oergongsklasse A mei 18-15 fan Thrianta. De ploech hat no 20 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)