Koart: Dongeradiel/Ambulanses

14 aug 2003 - 00:00

B&W Dongeradiel wol hast 280.000 euro frijmeitsje foar de oanlis fan paadsjes, bankjes en oare foarsjennings yn doarpsboskjes. ChristenUnie, FNP en CDA fiele lykwols net folle foar de plannen.

Ferpleechkundigen fan sikehûs MCL yn Ljouwert hawwe skjin har nocht fan de aksjes fan it ambulansepersoneel. Neffens har is it net ferantwurde om pasjinten mei in taksy of eigen auto te ferfieren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)