Koart: Blau-alch/CineSneek

14 aug 2003 - 00:00

Der jildt gjin negatyf swimadvys mear foar rekreaasjegebiet De Griene Stjêr by Ljouwert. Troch it koelere waar is de blau-alch dêr ferdwûn. Der kin no dus wer swommen wurde.

De nije formule fan CineSneek, it eardere Amicitia Theater, is in súkses. De fiif bioskoopsealen hawwe oant no ta 79.000 besikers lutsen. Direkteur Wijnstok wol mei de teateraktiviteiten ophâlde en de bioskoop útwreidzje nei acht sealen mei 1600 sitplakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)