Koart atletyknijs

19 okt 2008 - 15:36
  • Yvonne Kassenberg (argyffoto)

Stefan Postma fan De Blesse is by de Zwarte Cross yn Staphorst winner wurden fan de 5000 meter. Postma rûn de ôfstân yn 17 minuten en 33 sekonden. Frank Everts út Hollandscheveld waard twadde op seis sekonden fan de winner.

De 50e edysje fan de Ljouwerter oererin is by de froulju wûn troch Yvonne Kassenberg út Burgum. Sy rûn in ôfstân fan 14 kilometer en 865 meter. By de manlju waard Jan Albert Veenema twadde mei in ôfstân fan 16.636.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)