Koarnmûne yn Stiens draait wer

11 sep 2004 - 14:36

Koarnmûne De Hoop yn Stiens draait sûnt sneon wer. De gemeente Ljouwerteradiel hat beropsmûnder Tollenaar útkocht. Sneontemoarn is De Hoop oerdroegen oan in stifting. Sân frijwilligers sille tenei de mûne sneons draaiende hâlde.

Publyk kin de mûne besjen en moal keapje, want alle technyk is oanwêzich om dat te produsearjen. De fraach is lykwols net grut genôch om je brea dermei te fertsjinjen. Dêrom stie de mûne al mear as trije jier stil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)