Koarnjum hat in fjoerwurkstille hûnekennel

31 des 2015 - 14:41

De hûnekennel fan Koarnjum hat it dizze dagen smoardrok. De kennel sit bûtenút en as de doar ticht giet is it yn de kennels stil. Dêrmei is it in ideaal plak fan hûnen dy't benaud binne foar fjoerwurk.

Alle hast 70 plakken binne beset en neffens eigener Natascha Woudstra wie der fraach nei folle mear opfang. Sa'n 70% fan de hûnen dy't opfongen wurde is neffens de eigener bang foar fjoerwurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)